Alwer priis....!!!!

Krustocht oer de fryske fjilden. De Mantgummer froulju ha alwer priis. Dit kear moasten de minsken yn Wommels ta sjen hoe de kranse om de nekke fan Amarins, Brecht en Jenny hongen waarden. Yn in trije kamp ferdield oer de doarpen Mantgum, Winsum en Wommels hienen de froulju gjin moeite om harren favorieten rol wier te meitsjen. Mei net in ferlies partij oer 9 wedstriiden wienen sy de fertsjinne winners.

Mar it liket der op dat de Jacoba’s konkurinsje krije fan de Jacob Klavers. Al wienen der noch gjin prizen foar de Mantgumers mar de stappen dy’t foarich jier makke binne wurde dit jier sprongen. Moai om te sjen hoe de van Keulen’s, de Talsma’s, de Terpstra’s, de de Grooten en de Fopma’s sich manifesteare op de federaasje partijen. As de mannen dizze line troch sette, kinne we de woansdei’s fan de freule fan 2017 wol frij halde yn us aginda’s. As de mannen har oan elkoar oplûke, elkoar positief stimuleare en noch mear traine dan bin dit de toppers foar letter. Oer in pear jier rinne de Jacob en de Jacoba’s hân yn hân oer de fjilden en helje elts in kar fol prizen op. Kop der foar en gean sa troch!!!

Geplaatst op 27 June 2009